dutch language    english language   german language  fries language

sitemap | contact | zoeken

Pagina afdrukken Print versie       

 

 

Ynfo A-Z


     
   

Bobbejaanlân - Lichtaart (België)
Bobbejaanland leit yn België en jildt as ien fan de meast favorite parken fan Europa! Sa is der in Yndiane-museum, it Kinderland en binne der ferskate sjo’s. Mei de protte oerdutsen attraksjes is in besite oan Bobbejaanland  in pre !

Ofstân: 115 km

     
  Bonnefantenmuseum - Maastricht
Bonnefanten is it museum foar âlde en byldzjende  kunst fan hjoed-de-dei. It opfallende gebou is festige oan de eastlike side fan de Maas. Foar bern is der ek in oantreklik oanbod: der binne speurtochten en yn de simmer wurde der spesjale famylje - rûnliedingen fersoarge.
Ofstân: 22 km.
     
  Deistrân Oost-Maarland - Oost-Maarland
Strân, lisgreiden (gersfjilden), wetterfytsen, kano´s, roeiboaten, binnen- en bûtenboarterstún, midgetgolfbaan ensf!
Ofstân: 20 km.
     
  De Gemeentegrot - Valkenburg a/d Geul
As jo yn Limburch binne, besykje dan ris de Gemeentegrot. Lit jo ris by konstant lege temperatuer troch in gids rûnliede troch dizze nuveraardige wrâld, dat jo wis en wrachtich tige yn ‘e besnijing krije sil.
Ofstân: 16 km.
     
  De grotten van Han - Han (België)
Fan it sintrum  fan Han-sur-Lesse út bringt in lyts skilderachtich treintsje jo nei de yngong fan de grot. Dêr ûntdekke jo, ûnder lieding fan in gids, de prachtigste ûnderierdse  sealen, fia in boattocht op de ûndergrûnse rivier.
Ofstân: 77 km.
     
  Gaiapark - Kerkrade Zoo
Gaiapark Kerkrade Zoo. Yn dit bysûndere en moderne bistepark libje de bisten yn romme, natuerlike ferbliuwplakken. Gaiapark is sawol’t foar bern as folwoeksenen in geweldich útsje, dêr’t  “belibje” en “ûnderfine” sintraal steane.
Ofstân: 18 km.
     
  Holland Casino - Valkenburg a/d Geul
Holland Casino Valkenburg leit op de Cauberch. Jo ha in prachtich útsicht oer Valkenburg, it kuerpark en it Geuldal.
Ofstân: 17 km.
     
  Discovery Center Continium - Kerkrade
It Industrion leit yn Kerkrade en is in warber museum dat it nijsgjirrige ferhaal vertelt fan minsken en masines!
Ofstân: 21 km.
     
  Kasteel Hoensbroek - Hoensbroek
Ien fan de  kastielen dy’t  Limburch ryk is en foar it publyk iepen is.
Ofstân: 25 km.
     
  Kasteelruïne - Fluweelengrot - Valkenburg a/d Geul
De Fluweelengrot hat tal van geheimen ûnder dak. Mar ek in skat oan grottekeningen en úthakte bylden in de zachte mergelwand. Tegearre mei de Kastielruïne is in besite oan de Fluweelengrot een unike ûnderfining, in reis werom yn de skiednis.
Ofstân: 16 km.
     
  Kinderstad – Heerlen
Kinderstad is it leukste, moaiste en grutste oerdutsen berne-attraksje-park fan Limburch, sa’n  10.000 m2  berneboarterswille, alle dagen iepen.
Ofstân: 23 km.
     
  Labyrint Drielandenpunt - Vaals
Untdek it grutste en spannendste Labyrint fan Nederlân.  Hjir kinne jo einleas doarmje en ferdwale. By jo ‘dooltocht’ nei it middelpunt passearje jo spontaan spuitende wettermuorren.
Ofstân: 10 km.
     
  Monschauer Glashütte – Monschau (Duitsland)
Yn in eardere wolfabryk oan de oevers fan it rivierke de Roer is dizze glêsblazerij nei Romeinske tradysje ynrjochte. Hjir ûnderfine jo wetenswaardigheden oer de 2000 jier âlde glêsskiednis.
Ofstân: 40 km.
     
  Pretpark De Valkenier - Valkenburg a/d Geul
As pretpark foar jong en âld, jout de Valkenier foar in hiele dei tige foardelich nocht en wille. Yt- en drinkgelegenheden binne der in protte.
Ofstân: 16 km.
     
 

Schaapskooi Mergelland - Epen
Yn de skieppeskuorre achter de hoedershutte libje sa'n 500 oant 600 eikes en yn de betide maitiid, yn de drokke lammertiid, komme der alle jierren noch ris inkele hûnderten by

Ofstân: 2 km.

     
  Snowworld - Landgraaf
It hiele jier skië of snowboarde op echte snie is mooglik yn Landgraaf. De langste oerdutsen skihal op ‘e wrâld, mei in echte stuoltsjeslift en meardere sleepliften, jouwe jo it gefoel yn Eastenryk te wêzen.
Ofstân: 18 km.
     
  Stienkolemyn Blegny-Mine - Blegny (België)
Op inkele kilometers fan Luik fine jo in echt juwiel fan it Belgyske yndustriële erfguod: de echte stienkoalemyn fan Blegny. In besite hat in fideofoarstelling, in ûndergrûns aventoer (ôfdaling mei de liftkoai oant yn de ûndergrûnse galerijen, ûntdekking fan in pylder, foarstelling fan it gebrûk fan de winningsútrêstingen en it mynwurkersark).
Ofstân: 31 km.
     
  Stoomtrein Zuid-Limburg - Simpelveld
“Miljoenenlijntje”. . . . Fan Schin-op-Geul ôf giet it trajekt fan ZLSM oer Nederlâns âldste ynternasjonale ferbining Maastricht – Aken, oanlein yn 1853.
Ofstân: 13 km.
     
 

Subtropisch Zwemparadijs Mosaqua - Gulpen
Mosaqua is it subtropysk swimparadys (binnen en bûten) mei in ferskaat oan ûntspanning! De protte bûtenbaden mei meardere boartersoangelegenheden lizze paradyslik oan de foet fan de Gulpenerberch. In gesellich terras en de grutte lisgreide mei beachvolleybalfjild meitsje jo dei by Mosaqua folslein.

Ofstân: 7 km.

     
 

Plopsa- Coo-Stavelot (België)
It pretpark Plopsa Coo leit oan de foet fan de wetterfallen fan Coo. Mei de stuoltsjeslift ûntdekt men in wondermoai panorama. De protte attraksjes litte de bernehertsjes hurder slaan.

Ofstân: 60 km.

     
  Temapark Mondo Verde - Landgraaf
Mondo Verde is in nij en unyk temapark. Op in gebied fan  sa’n  20 ha. ûntdekke jo de wrâld yn ien dei. Jo reizgje fan Spanje fia Eastenryk nei Sina.
Ofstân: 21 km.
     

 

 

FOTO'S

 
volgende »
 

 

Hotelappartementen Ons Epen, Apina Wellness Centre
Wilhelminastraat 1, 6285 AS Epen,  zuid-Limburg
Tel: 043-4551268 - Fax: 043-4553916 - E-mail: info@onsepen.nl