dutch language    english language   german language  fries language

sitemap | contact | zoeken

Pagina afdrukken Print versie       

 

 

Epen, de griene skatkeamer fan it Heuvellân!


 

 

 

Wolkom yn it Heuvellân, it hert fan Súd- Limburch. De prachtige natoer, ieuwenâlde kastielen, mergelgrotten, gesellige terraskes, in skatkeamer oan histoarje, kultuer en argeology, smûke ythúskes, freonlike minsken en . . . . . de ymposante natoergebieden Eifel en Ardinnen – op koarte ôfstân – biede in ryk ferskaat oan ûntspanningsmooglikheden.

 

Gastfrij Epen . . . . .  in doarp mei 1100 ynwenners. It leit oan it snelrinnende rivierke de Geul en is in wier kuier-eldorado. En mochten jo fan ôfwikseling hâlde . . . . . sit net yn noed!  Yn in healoerke binne jo mei de bus of auto yn nijsgirrige stêden as Maastricht, Aken en Luik.
Idyllyske plakjes . . . . . De typyske fakwurkhuzen yn de ferstilde buorskippen en de boskrike hellings binne de krinten yn de brij fan in gebied mei ûnbegrinsde kuier- en fytsmooglikheden. Meitsje in rit mei in stoomtrein of besykje it grutste labyrint fan Europa – op it heechste punt fan Nederlân.  Gean simmers in kearke te skiën op in yndoorbaan, mar genietsje ek fan de lytse fijne dingen sa as werkôgjende kij yn ‘e greide. Epen, de natoerskatkeamer fan it Heuvellân, biedt ûnbeheinde mooglikheden yn in lân sûnder grinzen ! 

     
Swimbad Mosaqua Gulpen 6 km
Vrijthôf of boattochten  Maastricht 20 km
Op ‘e kuier om de Kaiserdom hinne Aken 15 km
Kabel- en rodelbaan Valkenburg 15 km
Bernestêd Heerlen 18 km
Sneintemoarnsmerke Luik 40 km
Kryst-sjoppe Keulen 125 km
Golfklup Henri Chapelle 14 km 
Wrâldtunen Mondo Verde  Landgraaf 22 km 
     


 

Graach advisearje wy ús gasten oer de fierdere mooglikheden.

 

 

FOTO'S

 
volgende »
 

Hotelappartementen Ons Epen, Apina Wellness Centre
Wilhelminastraat 1, 6285 AS Epen,  zuid-Limburg
Tel: 043-4551268 - Fax: 043-4553916 - E-mail: info@onsepen.nl